Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dyn âlders great.
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme,
In grien, in krêftich bloeijend leat.
Mei dizze rigels waarden 60 jier lyn de Schotanussen oproppen om te kommen ta de oprjochting fan de Schotanus-Stifting. Dat slagge op 12 april 1955 yn Frentsjer. Hjoed de dei hawwe wy sa'n 165 stipers (donateurs) en libbet de Stifting as nea tefoarren.
Wy geane mei ús tiid mei en derom sitte wy no op it Internet.
Mear as 1500 siden beslacht undertusken ús GENS SCHOTANA. Mar noch binne net alle Schotanus takken útsocht. En nei it forskinen fan de earste dieltsjes is der al wer in nije generaasje opgroeid. Ek dy moatte wer beskreaun wurde. Dit wurk nimt gjin ein.
As jo klikke op list komme jo by in list der 't alle nammen fan Schotanussen, Scholtanussen en Schotanus á Sterringa's op steane, der 't wy it bestean fan witte. As jo namme der net op stiet, freechje wy jo om der oan mei to wurkjen dat wy ek jo bestean fêst lizze kinne foar ús neiteam.
Stjoer dan efkes in E-mail nei de Webmaster , dan krije jo fan him in list werom mei hwat fragen oer jo femylje.
Op de Nederlânske siden kinne jo noch folle mear ynformaesje fine oer ús femylje stifting en wat wy allegearre dogge.
© Schotanus-Stichting 1955-2018 | Algemene voorwaarden | ANBI gegevens | Privacy | Contact.